Historie van de school (Frysk)

 

De skoalle fan Kûbaard

 


 

 1871. Op 30 septimber kamen 30 manlju fan Kûbaard en Waaksens byinoar om in feriening foar kristlik ûnderwiis en in skoalle op te rjochtsjen. Op 16 api1 1872 koe de earste stien lein wurde fan de skoalle en went. De bou kaam klear foar in bedrach fan 9750 gûne. De skoalle waard iepene yn july 1872.

1897. It earste skoaljubileum (25 jier) waard fierd. De bern ha doe op de boat nei Skarsterbrêge ta west en yn de bosken fan Hûs ter Heide boarte. Yn de njoggentigersjierren gongen oer de 80 bern op skoalle!

1912. De skoalle bestiet 40 jier. Master J. de Boer hâldt in rede. De earste skoaljuffer komt yn 1923 foar de lytse bern te stean, juf Bonne.

1947. Men betinkt de skoallestichting fan 75 jier ferlyn.

1962. De skoalle wurdt twatalich. De bern krije Frysk.

1962. Nijbou: it âlde gebou foldie al lang net mear oan de easken fan de tiid. Troch boustop en bestegingsbeheining wie alles opkeard. Âlde gebou: ruten op it easten. Nije gebou: ruten op it suden, dit jout ljocht en sinne! Kosten: fl. 120.000. Iepening troch boargemaster R. Alta fan Hinnaarderadiel. Oantal bern: 45.

1971. Betinking fan it hûndertjierrich bestean fan de Kristlik Nasjonale Skoalle. Grut feest.

1982. Kûbaard kriget in eigen beukerskoalle. lt is in needlokaal. Yn oktober 1982 iepene troch boargemaster Geert Eygelaar fan Hinnaarderadiel.

1984. Rampsillich berjocht út Den Haach: De skoalle fan Kûbaard mei net basisskoalle wurde! De prognoazes binne te leech en de ôfstân nel de kristlike skoalle fan Wommels wie sa'n 100 meter te koart. Dit moat minstens 3 km. wêze. Troch problemen op in oare skoalle komme der fiif bern bij yn Kûbaard. Doe koe der aksje ûndernommen wurde want de prognoazes binne folle better. It bestjoer giet de politike toer op en mei sukses: de skoalle bliuwt iepen.

21 mei 1985. De feriening foar kristlik ûnderwiis wurdt omset yn de feriening foar algemien bysûnder basisûnderwiis. Dit jout in better perspektyf foar de takomst.

1 augustus 1985. De legere skoalle (fan 6-12 jier) wurdt basisskoalle (fan 4-12 jier). De beukers komme derbij. 

1987. De skoalle wurdt renovearre en krijt in nij beukerlokaal fanwege de ynfiering fan it basisûnderwiis. Der komt in nije bestjoers- /personielskeamer. De skoalle kriget in namme: "De Reinbôge". Tige tapaslik, want bern fan alle rjochtingen (kleuren ) sitte der op.

1996. De skoalle bestiet 125 jier. De betinking duorret trije dagen: 20, 21 en 22 juny. De earste dei is der feest foar de bern mei in optreden fan in gûcheler. Op de twadde dei steane de bern sels op de planken mei in stik oer de ôfrûne 25 jier. De lêste dei wurdt der in reuny hâlden. Der is in feestlik kofje-oerke, de skoalle wurdt besjoen en ta beslút wurdt der yn tsjerke mei-inoar songen.

1997. Der wurde gearwurkingskontakten lein mei de iepenbiere skoallen en gearwurkingsskoallen.

1998. It skoalhûs wurdt ferkocht. Dat iepent perspektiven foar in grutskalige ferbouwing yn 2001.

2002-2003. Grutte ferbouwing fynt plak. Beukers sitte in skoftke yn it doarpshûs en de boppebou giet nei de tsjerke: konsintraasje yn ’e konsistoarje.

5 juny 2003. Feestlike weriepening troch wethâlder Jelsma fan Littenseradiel. De skoalle is ferboud en útwreiden mei nije romtes. Alle lokalen binne oanpast oan de easken fan dizze tiid: nije flierbedekking, nije plafonds en alles is ferve. De gongen binne geskikt makke foar leshoekjes. It ûnderboulokaal is grutter wurden en der is in ferhege boartersflier yn oanbrocht. Ek is der in nije berging, skjinmakkerskast en benammen de húskes (toiletten) binne kreas opknapt. Ek noch twa needútgongen en in brêchje oer de sleat.

2003. Sinnepanelen wurde op het dak fan de skoalle lein. Bern ûntdekke alternativen foar fosile brânstof.

2005. Wij wurkje as in Daltonskoalle. Wyktaken, gearwurje en keuzewurk is yntegrearre yn it ûnderwiis: de âlden lizze in skoaltún oan.

2009. De skoalle falt ûnder Gearhing. In gearwurkingsferbân fan 29 iepenbiere en algemien bysûndere skoallen  yn Súdwest Fryslân.